Roomelse
Ut Wikipedy
Roomelse (Dútsk: Ramsloh) is in doarp yn it Sealterlân mei 4.275 ynwenners (juny 2000).
It dialekt fan Roomelse is it middelste dialekt fan it Sealtersk. De namme Roomelse komt fan it Aldfryske Rames-la: Raven - lo. Yn it Frysk soe it Ravenswâld wêze.
Roomelse is it grutste doarp fan it Sealterlân. It wie in selsstannige gemeente oant 1934 mar waard doe part fan de earste gemeente Sealterlân. Nei de oarloch waard it wer in selstannige gemeente oant 1 maart 1974 de nije gemeente Sealterlân stifte waard. Sûnt dy tiid hat de gemeenterie fan Sealterlân syn sit yn Roomelse. Ta it doarp wurde ek de buorskippen Haagebierich, Raake, Hollen en Hollenerfoan rekkene.
Oan de westkant fan Roomelse leit de B72; troch it doarp rint de Sealter Ie. Yn Roomelse wurdt hieltiid noch in feanspoar brûkt, dat in ferbining hat mei it spoar troch Seelterlân.