Reinier Camminga
Ut Wikipedy
Reinier Camminga ( keazen ± 1300 - 1306) wie de njoggende potestaat fan Fryslân. Hy wie de opfolger fan Sicko Sjaerdema en waard letter sels opfolge troch Hessel Martena.
Reijner Haijes Camminga wie oanfierder doe't de Denen yn 1306 fanwege skeel mei de Friezen in ynfal yn Eastergoa weage hienen.
Occo Scarlensis skriuwt oer in steech gefjocht wernei't de Denen tichtby de Lauwers ferslein waarden. Dit soe dan tsjin Erik VI fan Denemark west hawwe moatte.