Hessel Martena
Ut Wikipedy
Hessel Martena wie in Fryske haadling út it begjin fan de 14e ieu dy't it yn Fryslân in skoftlang foar it sizzen hân hat. Under syn lieding waard de oanfal fan de Hollânske greve Willem III op Fryslân ôfslein.
[bewurkje seksje] Skiednis
Hessel stie benammen bekend om't syn skrander belied. Under syn bewâld bliuwe grutte útspattings tusken de Skieringers en Fetkeapers út en kaam der in skoftlang in ein oan.
Doe't de Hollânske greve Willem besocht om Fryslân ûnder syn bewald te krijen, waard Hessel troch de Friezen ta oanfierder keazen. Yn 1309 lanne er mei in float by Starum. Mei syn kriichsmacht fan om-ende-by 1500 soldaten luts hy al plonderjend troch Gaasterlân. Under oanfiering fan Hessel joech it Fryske leger goed wjerstân en moast greve Willem him weromlûke.
Hessel hie fjouwer dochters en kaam yn 1312 te ferstjerren. Troch de Friezen waard der gjin nije haadling as opfolger keazen. Geregeld soe it konflikt tusken Skieringers en Fetkeapers wer tanimme.
[bewurkje seksje] Boarne
- Johannes Vlieterp, Midsieuske skriuwer.