Reahûs
Ut Wikipedy
Reahûs is in doarp yn it suden fan de gemeente Littenseradiel. It leit oan de Frjentsjerter Feart tusken Skearnegoutum en Easterein en it doarp hat likernôch 180 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Reahûs diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel , dat doe mei de gemeente Baarderadiel opgie yn de nije gemeente Littenseradiel.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Om 1650 hinne wie der sprake fan Bonga state, ek wol Blaeuw-huys neamd. Letter waard besuden it doarp by it buorskip Slyp in roomske skûltsjerke makke yn in Read Hûs.
Yn de 19e ieu waard op de Alde Pôle in kapel boud. Yn 1883 waard besluten in nije tsjerke te bouwen oan de Slachtedyk, in âlde seewarring fan it Middelseegebiet. Yn de 12e ieu slike dizze Middelsee stadichoan ticht. Reahûs krige in statút fan buorren yn 1956.
[bewurkje seksje] Mienskip
Doarpsbelang hat kontakten mei de gemeente en jout it krantsje Bochtwurk út. De tsjerke is wijd en neamd nei Sint Martinus. Ek is der in doarpshûs. De Wynmûnekommisje, in kommisje Simmerfeesten en in Fûgelwacht. It doarp hat in eigen skoalle, de St Bonifasiusskoalle dêr 't ek bern út omlizzende doarpen hinne gean.
[bewurkje seksje] Ferienings
- toanielferiening
- iisklub
- dartklub
- kf Reahûs-Turns - keatsen
- Fûgelwacht
- Jeu de boules
- Covos - folleybal
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- West fan Reahűs by in wiel stiet in healrûne sirkel as neitins oan in dyktrochbrek. Dit keunstwerk Oase is makke troch Marga Houtman.
[bewurkje seksje] Literatuer
- M.H. de Vries, Het Geheim van de Oude Pôlle, 1987
[bewurkje seksje] Strjitten
Bongapaad, Pastoar Ten Bokumstrjitte, Sânleansterdyk, Slyp, Slypsterwei.