Publius Kornelius Tasitus
Ut Wikipedy
Publius Kornelius Tasitus1 (sa. 55-120) wie in Romeinsk historikus, skriuwer en reedner. Hy wurdt faak sjoen as Romes grutste historikus. Tasitus syn sympaty gie dudlik út nei inrepublikeinske steatsfoarm, earder as nei de eigenwille fan guon keizers2. Hy skriuwt oer keizers en machthawwers mei likefolle fanselssprekkendens as oer persoanen fan minder belang en jout dêrmei in prachtich ynsjoch yn it libben fan syn tiid.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Tasitus is wierskynlik yn 55 berne yn in provinsjale famylje út Gallia Narbonensis (Fréjus of Vaison-la-Romaine) of Gallia Cisalpina ( Padua ). Yn 77 trout Tasitus mei de dochter fan de konsul fan dat jier Julius Agrikola. Agrikola is yn 84 weromroppen troch Domitianus út Britannia. Agrikola ferdwynt nei de eftergrûn en sil yn augustus 93 ferstjerre, min ofte mear ferjitten. Syn testamint pakt lykwols net goed út foar syn frou, want neist har mem krijt ek de princeps - hoewol't dy earder noch ferkundige hat gjin erfenis oan te nimmen fan ien mei bern - syn diel met grutte begearigens.
Doch behinderet dit Tasitus net om in skitterjende politike karriêre út te bouwen. In pear jier nei syn houlik is hy wierskynlik al XX-vir ( preesterkolleezje besteande út 20 manlju ) ûnder Vespasianus. Troch G. Alföldy is der de tige oannimlike ynterpretaasje oppere dat Tasitus troch Titus oantsjutten is as quaestor Augusti ( persoan dy't de taspraken fan de keizer oan de Senaat skriuwt én foarlêst ), oan de hân fan in ynskripsje yn it grêfmonumint fan Tasitus oan de Via Nomentana yn Rome3. Wierskynlik hat hy dizze funksje yn 80 of 81 - ten lêste yn 82. At hy quaestor west is yn 81, wol dit sizze dat hy én foar Titus én foar dy syn broer Domitianus wurdfierder wie, want Titus stjert op 13 septimber 81. No't hy eks-quaestor is, wurdt hy opnommen yn de Senaat as homo novus ( earste fan in famylje dy't yn de Senaat sit hat ). Ut de ynskripsje (cf. supra) kinne wy ek opmeitsje dat hy yn 84 of 85 de funksje fan aedilis oerslacht en ta tribunus plebis keazen wurdt. Yn 88 is hy sels praetor ( funksje yn de rjochtspraak ) én lid fan it prestisjeuze preesterkollezje fan de Fyftjin of quindecimviri sacris faciundis. Yn 89 wurdt hy foar fjouwer jier ôffurdige foar in post yn de provinsjes - dêr't net folle bekend oer is.
Wannear't Domitianus op 18 septimber 96 fermoarde wurdt troch syn neiste omjouwing, hat de ûngefear fjirtichjierrige Tasitus sit as consul suffectus foar it jier 97 - nei alle gedachten noch oantsjutten troch Domitianus - yn de Senaat. Under Trajanus heart hy as eks-konsul by de elite fan de senatoren en stoart hy him op de skiedskriuwerij. Yn 112 en 113 is hy in jier lang gûverneur fan de provinsje Asia, in fûlbegearde post. Hy is nei alle gedachten om 120 hinne stoarn as reputearrereedner én historikus.
[bewurkje seksje] Wurken
[bewurkje seksje] De vita et moribus Iulii Agricolae (Agricola)
De vita et Moribus Iulii Agricolae of Agricola is in tritich siden tellende biografyske skets fan Gnaius Iulius Agricola - syn skoanheit - troch Taxitus útjûn yn 98, yn de tiid fan Trajanus.
Dochs is it net in tradysjonele biografy, want Agricola's libbensferhaal wurdt brûkt ter yllustraasje fan Domitianus' tyrannike gedrach en om Nerva en Trajanus lof ta te sjongen. It is ûnevenwichtich fan opbou troch de him - letter - kenmerkjende wiidweidige beskriuwings fan fjildtochten, redefierings ta de soldaten en syn oandacht foar de etnografy fan Britannia en har ynwenners. R. Syme mient it wurkje sels in dokumint fan Romeinske politike literatuer neame te kinnen4.
It wurkje hat ek spoaren fan retoryk - wat wy ek yn lettere wurken weromfine - dat diels eigen is oan it sjenre dat de laudatio as fêst elemint hat.
[bewurkje seksje] De origine et situ Germanorum (Germania)
De origine et situ Germanorum of Germania dat yn datselde jier ferskynt is in echte etnografy wêryn't earst Germania en de libbenswize fan har bewenners besprutsen wurdt en dêrnei wurdt útwreide oer ferskate Germaanske stammen. It is it ienich bewarre traktaat oer dit folk en foarmet dêrtroch in unike boarne foar ûndersikers.
It âlde tema fan kontrast tusken it beskreaune folk - de Germanen - en de Romeinen fan syn tiid hat by Tasitus in moralisearjend én ynformatyf doel, want ûnder Trajanus wurdt men noch hieltiten konfrontearre mei it reële driigjende gefaar dat útgiet fan de Germanen.
Oerwinnings dy't troch opienfolgjende keizers ferkundige binne, docht hy ôf as histoarysk ûnfundearre propaganda fan dizze keizers.
[bewurkje seksje] Dialogus de oratoribus
Dialogus de oratoribus hat lange tiid in striidpunt west, mar der is no dochs in algemien consensus dat it oer in wurk fan Tasitus giet dat opdroegen is oan Lucius Fabius Iustus, consul suffectus yn 102.
It is yn de foarm fan in petear tusken de dichterreedner Curiatius Maternus, de reedners Marcus Aper en Iulius Secundus en ek Vipstanus Messalla yn 75 oer it ferfal fan de redekeunst getten. De oarsaken hjirfan binne neffens him de opfieding yn it algemien mei de retoryk sels yn it bysûnder en de monargale steatsynrjochting dy't wol goed is as steatsfoarm op himsels, mar gjin oanset jout ta de ûntwikkeling fan grutte en grutske redekeunst. Hy konkludearret dat literêr bejeftigen harren no inkel noch dwaande hâlde mei poëzy.
Faak beskôget men dizze dialooch as Tasitus' ferantwurding foar it stopsetten fan syn dochs wol goed rinnende karriêre as retorikus en him ta te lizzen op it ienige dat him noch oerbliuwt: de skiedskriuwerij.
[bewurkje seksje] Historiae
Historiae is it earste fan Tasitus' grutte en grutske historyske wurken, dy't wy tanksij de briefwikseling tusken Tasitus en Plinius minor diels datearje kinne. Sa blykt dat hy om 106 hinne oer it jier 79 oan it skriuwen is en dat hy dwaande is mei de regearing fan Domitianus te behanneljen yn 109. Hy behannelet yn dit wurk de skiednis fan Rome yn it trijekeizersjier 69 en ûnder it regear fan de Flavii. Fan de - fermiende - tolve of fjirtjin boeken bliuwt ús inkeld de earste fjouwer en it begjin fan it fiifde boek.
Men mient it wurk ferdiele te kinnen yn twa heksades, nammentlik in earste oer de boargeroarloch ûnder Galba, Otho en Vitellius (I-III) en Vespasianus' regearing (IV-VI); en in twadde oer de jierren fan stabiliteit ûnder Titus en de earste jierren ûnder Domitianus (VII-IX) en op't lêst de tsjustere perioade ûnder Domitianus fan 89 oant 96 (X-XII). Dit alles bliuwt lykwols wol hieltiten spekulaaasje.
Yn syn praefatio ( foaropwurd ) wurdt de dramatyske ûntknoping al min ofte mear oankundige en kondiget hy dêrby oan dat - as de jierren him gund binne - hy noch oer Nerva's en Trajanus' bewâld skriuwe wol.
[bewurkje seksje] Ab excessu divi Augusti (Annales)
Ab excessu divi Augusti of Annales is Tasitus' twadde gruttere historyske wurk dat giet oer de Julisch-Claudyske dynasty sûnt de dea fan de Fergodlike Augustus, wêrfan't wierskynlik it grutste diel skreaun is ûnder Hadrianus' regearing (117-138) en dus net giet oer Traianus, en ek net oer Nerva (cf. supra). Fan de fermoedlike 18 boeken binne injkeld de boeken I oant IV yn harren gehiel bewarre bleaun, V en VI mar foar in gedielte, en XI oant XVI sûnder harren respektivelike begjin of ein.
De earste seis binne annalistysk fan opbou - fandêr de namme Annales, wylst de lêste harren mear konsintrearje om themata of persoanen. R.Syme mient dat dizze stilistyske wiziging ferwiist nei in djipperlizzende feroaring, nammentlik de evolúsje fan it principaat nei it dominaat5.
[bewurkje seksje] Heuristyk
Tasitus' boarnen foar de Agricola binne foar it grutste part earstehânsboarnen en faak mûnling oerlevere. Foar syn Germania binne wierskynlik it ferlern giene Bella Germaniae fan Plinius maior - dy't fertroud is mei Germania, Commentarii de bello Gallico fan Caesar en Livius' boek CIV brûkt as literêre boarne.
Oer de Historia en Annales, wêrop't P. Fabia besocht hat it Einquellenprinzip op ta te passen6, bestiet der noch gjin fêste konsensus. Wy kinne lykwols wol oan de hân fan de fyzje fan in protte moderne auteurs ús in byld foarmje hokker boarnen Tasitus mooglik brûkt hat.
Tasitus sels neamt, ûnder oaren, Cluvius Rufus, Fabius Rusticus en Plinius maior (Ann. XIII 20.), mar der binne mear: Aufidius Bassus, Servilius Nonianus, Verginius Rufus, ensafuorthinne.
Mooglik hat hy ek ferskate memoires brûkt, lykas de commentarii fan Agrippina minor, tinkskriften fan Claudius, ensafuorthinne. As eks-konsul en senator hat hy ek tagong ta de acta senatus en diurna, wêr't hy dokumintêre boarnen fine kin.
Dochs blykt dat Tasitus dizze gegevens net letterlik oernimme sil, mar yn syn eigen wurden fertelle, wat ûnder oare blykt út syn werjefe fan de taspraak fan Claudius oer it talitten fan Galjers yn de Senaat, dy't troch Tasitus (Ann. XI 24.) én op de ferneamde Lyon Tabula werjûn is. Tasitus blykt de strekking fan de taspraak yntakt te litten, mar fan de ( karakteristike ) Claudiaanske styl, bliuwt mar in bytsje oer.
Hy brûkt wierskynlik ek mûnlinge boarnen en it is wis dat hy brieven skriuwt nei minsken lykas Plinius minor, dêr't hy mei befreone is, om ynformaasje op te freegjen (cf. supra) oer de útbraak fan de Vesuvius en de dea fan syn omke.
It is lykwols wichtich om yn berie te nimmen dat Tasitus net allinnich historikus is, mar ek in oansjenlik politikus, bestjoerder, bern fan syn tiid en boppe-al literator. Syn ferneamde útspraak sine ira et studio (sûnder woede of berekkening) is in nommel stribjen, mar al by de behanneling fan de regearing fan Tiberius blykt de útspraak net mear te wêzen as dat.
[bewurkje seksje] Parallelboarnen
Neist Tasitus binne der noch in soad oare auteurs dy't ús wurken neilitten hawwe oer de Julysk-Claudyske dynasty. De wichtichste sille hjir koart besprutsen wurde.
- Velleius Paterculus (ca. 19 foar Kr. - 31) wie in soldaat dy't tsjinne ûnder Tiberius. Hy skreaun in algemiene - mar koarte - algemiene Romeinske skiednis oant 30 nei Kr., ien jier foar de fal fan Seianus. Syn taal is net sa literêr as dy fan Tasitus, mar hy jout in positiver byld fan de princeps Tiberius en is in contemporain getuge.
- Suetonius (69/70 - 140) wie in jongere tiidgenoat fan Tasitus en biograaf. Syn tematysk opboude keizersbiografieën binne ôfmakke mei pittige anekdoates, mar hy ferjit faak it grutter gehiel.
- Cassius Dio (155 - nei 229) is in romantisearre Grykske senator dy't mear as in ieu letter de lêste algemiene Romeinske skiednis skreaun hat oant syn eigen tiid. Hy skynt in ôfgryslike protte ynformaasje samle te hawwen, mar hy kin ús spitigernôch net alles meidiele, omt in algiemene skiednis in soad skrapwurk fereasket. Hy jout in neutraler byld fan princeps Tiberius en skynt ek positive boarnen rieplachte te hawwen.
Tasitus springt der lykwols úttroch syn literêre wearde en syntetisearjende opbou. Hy wurdt noch faak beskôge as dé boarne foar it iere prinsipaat, mar stiloan wurde de parallelboarnen ek mear wurdearre en beskôge as in wichtige oanfolling op de monografy fan Tasitus.
[bewurkje seksje] Styl en taalgebrûk
Tasitus falt ûnder de skriuwers fan saneamd Sulver Latyn. It falt lykwols op dat hy noch relatyf faak de indicativus brûkt yn bysinnen binnen de yndirekte rede, wat yn syn tiid hieltyd minder wizânsje wie. Dit falt mooglik te ferklearjen fanút Tasitus syn oplieding as reedner.
[bewurkje seksje] Bibliografyske referinsjes
[bewurkje seksje] Bibliografie
H.W. Bernario, An Introduction to Tacitus, Athene, 1975.
G. Schepens, Beknopte geschiedenis van de Griekse en Romeinse historiografie, Leuven, 1997, pp. 167 - 182.
Tacitus, Annales: I-VI, trad. comm. M.A. Wes, 's-Hertogenbosch, 1999.
E. Flaig, art. Tacitus (I), in NP 11 (2001), klm. 1209 - 1214.
A.J. Woodman, Tacitus Reviewed, Oxford, 1998.
[bewurkje seksje] Keizers yn de wurken fan Tasitus
- Ab excessu divi Augusti (Annales)
- Gaius Iulius Caesar Augustus (27 f. Kr. - 14 )
- Tiberius Iulius Caesar (Augustus) (14 - 37)
- Gaius Caesar Augustus Germanicus (37 - 41)
- Tiberius Claudius Caesar Augustus (41 - 54)
- (Imperator) Nero Claudius Caesar Augustus Germanicus (54 - 68)
- Historiae
- Servius Sulpicus Galba (Augustus) (68 - 69)
- Marcus Salvius Otho (Augustus) (69)
- Aulus Vitellius Germanicus Augustus (69)
- Titus Flavius Vespasianus (Augustus) (69 - 79)
- Titus Flavius Vespasianus (Augustus) (79 - 81)
- Titus Flavius Domitianus (Augustus) (81 - 96)
- De vita et moribus Iulii Agricolae (Agricola)
- Titus Flavius Domitianus (Augustus) (81 - 96)
- Nerva Caesar Augustus (96 - 98)
- Caesar Nerva Traianus (Optimus) (98 - 117)
[bewurkje seksje] Eksterne links
- Tasitus' Annalen oersetten nei it Nederlânsk
- In side fan De klassike Aldheid *wijd oan Tasitus
- Werkomstkrityk fan Tasitus' wurken (Ingelsk)
- [http://janusquirinus.org/essays/Tiberius.html Oer Tasitus' ambigue relaasje mei Tiberius ( Inngelsk )
- Suetonius en de regearing fan Tiberius: in ferliking mei oare boarnen (d.i. Tasitus, Cassius Dio en Velleius Paterculus) *(Ingelsk)