Oerjade
Ut Wikipedy
Oerjade of Rustringen wie yn de Midsieuwen in Fryske goa, dat it hjoeddeiske Bâtjadingen, grutte parten fan it hjoeddeiske Jadeboezem en guon parten fan it Jeverlân en de Fryske Wede omfette. It wie nau ferbûn mei de oare beide geaen yn it easten fan it Eastfryske skiereilân, Ostringen en Wangerlân, dy't letter tegearre it Aldenboarcher Fryslân foarmen.