Nijeholtpea
Ut Wikipedy
|
Nijeholtpea is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf. It leit yn it lân tusken Tsjonger en Linde, net fier fan de grins mei Eaststellingwerf. Nijeholtpea hat likernôch 494 ynwenners. It leit op in útrinder fan it Drintsk plato yn in boskrike omjouwing en yn in typysk Stellingwerver kûlissenlânskip. It doarp leit tusken twa kanalisearre rivieren: De Linde en De Tsjonger (Stellingwerfsk: De Lende en de Kuunder). It groeven wetterke De Scheene rint midden troch it doarp. Tusken de Linde en it dorp leit in hege sânrêch, dy't fan âlds de Sanen (de Sânen) neamd wurdt. De iisbaan yn de bosk leit op de Sanen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn het jier 1399 waard Nijeholtpade foar it earst yn geskriften neamd. Buordoarp Aldeholtpea wurdt yn 1204 foar it earst neamd, dan noch ûnder de namme Holenpath. De namme Holenpath betsjut ‘paad troch de djipte/de leechte’. Yn 1320 wurdt it noch altyd sa neamd, dus sûnder de tafoeging ‘olde’. Blykber wie der doe fan Nijeholtpea noch gjin sprake en is it doarp as dochterdelsetting fan Aldeholtpea ûntstien tusken it jier 1320 en 1399, it jier wêryn it foar it earst yn de geskriften neamd wurdt.
Nijeholtpea wie net it ienige doarp dat tusken Aldeholtpea en Aldeberkeap stifte waard. Fanút Aldeberkeap (Brocope) ûntstienen twa dochterdelsettingen: Ostbrocop (it hjoeddeiske Nijeberkeap) en Westbrocop (Westnijeberkeap). Westbrocop wurdt yn 1542/1543 noch as doarp fermelden, mar is letter opgien yn Nijeholtpea.
It âldste gebou yn Nijeholtpea is de tsjerke út ûngefear 1525. De foartiid Roomsk-Katolike tsjerke wie wijd oan de hillige Nikolaas. Yn de tsjerke hingje twa klokken út de jierren 1598 en 1611. De preekstoel en it oargel waarden yn 1883 makke. Under de houten flier lizze twa grêfsarken fan leden fan it geslacht Lycklama à Nijeholt út 1627 en 1643. It doarp joech syn namme oan dit geslacht, dat in lytse stins yn it doarp bewenne. Dizze stins, mei de namme Friesburg, letter Leemburg neamd, stie oan de hjoeddeiske Vriesburgerwei. De stins waard troch Gelderske troepen yn 1514 belegere en ferwoaste. De famylje Lycklama à Nijeholt levere ferskate grytmannen foar sawol West- as Eaststellingwerf.
It gebou, wêr't no noch IBS 't Holtpad yn sit, datearret út 1895. Foar dy tiid stie der in skoalle. Noch wer earder wie der allinnich in winterskoalle. Basisskoalle 't Holtpad is yn'e maityd fan 2006 ferhuze nei in nije lokaasje, multyfunksjoneel sintrum De Ni'je Stienze.
[bewurkje seksje] Mienskip
Op 30 novimber 1933 waard de feriening Pleatslik Belang De Iendracht oprjochte. De feestkommisje en de fersierkommisje binne hjir út fuortkomd, se organisearje om de twa jier in doarpsfeest. Gearkomsten binne sûnt 2006 yn multyfunksksjoneel sintrum De Ni'je Stienze. VGTG ("Van Geert Tot Guije") is in buertferiening.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Nooitgedacht - iisclub
- Nijkoor - koar
- De Scheenedaânsers - folksdûnsjen
- De Scheeneruiters
- Motorfytsferiening
- VIOS - kuorbal
- Fûgelwacht
- De Takkebienders - âldjiersploech
- Van Acquit' (earder De Schieve Deure) - biljerten
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Binnenwei, Haadwei, Stellingenwei, Tsjerkedreef, Tsjerkewei, Vriesburgerwei.