Nederlânsk kampioenskip fuotbal
Ut Wikipedy
Yn Nederlân wurdt sûnt 1898 offisjeel striden om it lânskampioenskip fuotbal. Yn de tsien jier dêrfoar waard der ek al in kampioenskip fuotbal hâlden, mar dit is nea offisjeel yn de boeken kaam.
Oant en mei 1954 bestie it Nederlânske fuotbal út in amateurkompetysje. Yn dy tiid waard de kampioen bepaald troch in kampioenskompetysje. De klubs striden yn regionale kompetysjes foar dielnimming oan dizze kampioenskompetysjes. Ek nei it ynfieren fan it betelle fuotbal bleau dit sa. Yn it seizoen 1955/1956 waard de lanlike Earedivyzje ynfierd. Ek hjoed de dei wurdt de kampioen op dizze wize fêststeld.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Nederlânske kampioenskippen
|
|
[bewurkje seksje] 'Net offisjele'-kampioenskippen
|
[bewurkje seksje] Stjer
Mei yngong fan it seizoen 2007/2008 meie klubs dy’t tsien of mear kampioenskippen berikt hawwe in stjer op it sjirt drage. De klubs krije der noch in ekstra stjer by as sy noch ris tsien kampioenskippen berikke.
De klubs dy't twa stjerren fiere meie binne Ajax, mei 29 lânkampioenskippen en PSV, mei 21. Klubs dy't ien op it sjirt drage meie binne Feyenoord, 14 kear lânskampioen en HVV, 10 kear kampioen. HVV is de ienichste net profesjonele fuotbalklub mei in stjer.
[bewurkje seksje] Ferdieling kampioenskippen
Tal Lânskampioenskippen Nederlânske Earedivyzje Fuotbal | |
---|---|
Klub | Lânskampioenskippen |
Ajax | 29 |
PSV | 21 |
Feyenoord* | 14 |
HVV** | 10 |
Sparta Rotterdam* | 6 |
RAP*** | 5 |
Go Ahead Eagles | 4 |
HBS, HFC***, Willem II | 3 |
Heracles Almelo, ADO De Haach, RCH | 2 |
AZ '67, DWS,DOS, HFC Haarlem, Rapid JC, FC Eindhoven, Limburgia, SVV, BVV, Haarlim, De Volewijckers, SC Enschede, NAC, Be Quick, Quick De Haach, Concordia Rotterdam* | 1 |
[*] Tal offisjeuze kampioenskippen