Menno Simons
Ut Wikipedy
Menno Simons |
Menno Simons, (1496 - 31 jannewaris 1561), Katolyk pryster, tsjerkeherfoarmer en nammejouwer fan de Mennisten (Baptisten), waard berne te Wytmarsum. Syn krekte bertedatum is net bekend, lykas der ek oer syn jongesjierren gjin ynformaasje bewarre bleaun is. Nei syn pryster-oplieding wie Penjum yn 1524 syn earste parochy. Yn 1531 gie er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen.
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer de wize wêrop de Katolike tsjerke omgie mei de sakrementen. Doe't er hearde dat Sicke Freerks op 20 maart 1531 yn Ljouwert eksekutearre waard, omdat er him op'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. It soe noch oant jannewaris 1536 duorje eart Simons bruts mei de Katolike tsjerke en Baptist waard. Hy hâlde him in jier ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.
Yn 1537 waard Simons tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei ale gedachten in grut part fan de tiid yn Grinslân, dêr't er yn Grins in Menniste gemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge folle, nei Fryslân, en nei East-Fryslân, en fierder nei it easten. Mar hie wie nearne lang feilich, en yn 1542 loofde Karel V 100 gûne út foar syn oanhâlding.
Earst yn 1554 fûn hy, lykas oare Mennisten, yn feilich plak op it bûten Wústenfelde, by Bad Oldesloe yn Sleeswyk-Holstein. Yn de rin fan de tiid krigen syn frou Gertrude en hy op syn minsten twa famkes en ien jonge, Jan. Hy ferstoar op 31 jannewaris 1561 op Wústenfelde, en wie dêr ek begroeven. Mar yn de Tritichjierrige Oarloch waard it bûten ferwoastge, sa't it plak fan syn grêf net mear bekend is.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Menno Simons.net
- Menno Simons-rûte
- Mennokate