Lutsjelollum
Ut Wikipedy
Lutsjelollum is in buorskip yn de gemeente Frjentsjerteradiel. It leit súdeastlik fan Frjentsjer yn de Suderpolder, oan de N384 nei Dearsum. It buorskip hat ûngefear 30 ynwenners (2005).
De provinsjale wei Dearsum-Frjentsjer ferdielt de bewenners yn twa dielen. De measten wenje yn it rêstige diel fan Lutsjelollum, oan de âlde, smelle, slingerjende dyk parallel oan de drukke dyk.
Lutsjelollum krige wat mear bekendheid troch it televyzjeprogramma Man byt Hûn, dat yn 2005-2006 fan Lutsjelollum nei Limmel luts "om te sjen wêr't minsken mei dwaande binne".