Liudolf fan Brunswyk
Ut Wikipedy
Liudolf fan Brunswyk wie in Fryske greve út de 11e ieu dy't hearste oer Mid-Fryslân. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan de Brunoanen-dynasty.
[bewurkje seksje] Skiednis
Liudolf wie in telch út in aadlik skaai ôfkomstich út Nedersaksen, yn Dútslân. Hy wie in soan fan Bruno I (Greve fan Derlingao) en Gisela fan Swaben. De lettere Roomske keizer Henderik III wie syn healbroer.
Hy troude mei Gertude en hie fjouwer bern. Sa om-ende-by it jier 1000 waarden de Fryske greefskippen Eastergoa, Súdergoa en Westergoa oan him tawiisd. Hy soe oant syn dea de Fryske gebieten bestjoere en nei him noch twa generaasjes Brunoanen. Op hokker wize de Brunoanen oan harren greefskippen kaam, is ûnbekend alhoewol't der wol in theory is dy't der fan útgiet dat Liudolf mei geweld de hearskippij oer Fryslân tusken Flie en Lauwers oan de greven fan Hollân ûntnommen hat.
Echte feitlikheden út it libben fan Greve Liudolf binnen net bekend. Hy ferstoar yn 1038 en waard opfolge troch syn soan Bruno III.
[bewurkje seksje] Literateur
- H. Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, Utrecht, 2000.