Lauwerseach
Ut Wikipedy
Lauwerseach is in doarp yn de Grinslanner gemeente De Marne. It is nei 1969 ûntstien, nei de yndiking fan de Lauwerssee. Lauwerseach is benammen bekend as fertrekplak fan de feartsjinst nei Skiermûntseach.
Lauwerseach is in wichtige fiskershaven (letterkoade: LO) en hat in eigen fiskôfslach. In gedielte fan de fiskersfloat fan Urk hat as thúshaven Lauwerseach. (Al farre de Urkers noch altyd mei de letterkoade UK fan Urk.) Ek in protte Deense fiskers lizze faak oan yn Lauwerseach. It doarp en de haven binne yn trek by deikeminsken, ek troch de mooglikheeden om farske fisk te iten.
De namme is eatwat keunstmjittich, want each betsjut eilân (fergelykje Skiermûntseach), mar der hat dêr nea in eilân west, tensij men it wurkeilân bedoelt dat hjir foar de ôfsluting fan de Lauwerssee oanlein is.
By it doarp heart ek de wyk Robbeoart, neamd nei de sânplaten Robbeplaat en de Oart. Oart betsjut ek eilân (sjoch Nienoard).
De spuislûzen fan it ôfstreamgebiet fan it Reiddjip, de Lauwersslûzen neamd, lizze west fan it doarp. Hjir rint de grins tusken Grinslân en Fryslân. Yn Lauwerseach is in skutslûs, de Robbegatslûs, om fan de mar nei de Waadsee farre te kinnen.
[bewurkje seksje] Sport en rekreaasje
Troch dit plak rint de Jeropeeske wannelrûte E9, lokaal ek North Sea Trail of (rjochting Fryslân) Fryske Kustpaad en (rjochting Grinslân) Waad- en Wierdenpaad hjittend. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten. Teffens lizze oan de Lauwersmarkant twa jachthavens, in camping en in strân.