Lândei
Ut Wikipedy
Lândei of Landtag is yn Dútslân de beneaming fan standenkolleezjes yn de Midsieuske Dútske steaten (Länder) (dy't bytiden oant de tweintigste ieu bestean bleaunen). Dizze Lândagen bestienen meastentiids út fertsjintwurdigers fan geastlikheid (m.ú.f. fan protestantske Länder), de adel, de boerenstân en inkeldris fertsjintwurdigers fan de boargerij.
Yn it moderne Dútslân wurdt in dielsteatsparlemint mei de namme Landtag oantsjutten.