Kingmatille
Ut Wikipedy
53° 0' NB, 5° 41' EL Kingmatille is in buorskip yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Kingmatille leit oan it Van Harinxmakanaal tusken Dronryp en sawat fjouwer kilometer beëasten Frjentsjer. Noardlik fan Kingmatille leit Sweins.
Oant sirka 1900 stie yn Kingmatille in stienfabryk by de brêge. Yn 1947 is dizze ferfongen troch in pontfear.
[bewurkje seksje] Kingma State
De Kingma State ( ek wol oantsjutten mei Kinghum ) wie in saneamde "rjochtfierende state" yn it Aester Fiarndel fan Frjentsjerteradiel. Kingma State waard om 1500 sette litten troch Jelle thoe Kingum. Oant ein 16e ieu wienen der neisieten om het besit te erven. Doe't Ignatius yn 1700 ferstoar gie it besit oer nei de besibbe famylje Lyklema thoe Kingma en noch letter nei de famylje Beyma. Kingma State kaam troch Ghemmenich oan de Beyma's. Sa ûntstie de namme Beyma toe Kingma. De state stiet op de Schotanuskaart fan 1698 oanjûn mei in wei nei Frjentsjer. De state stie mei in opfeart yn ferbining mei de trekfeart. Oer in tille koe men oer de trekfeart fan Harns nei Frjentsjer komme. Oer in tsjerkepaaad kaam men yn Sweins. Yn de Reginatsjerke fan Sweins lizze ferskeidene Kingma's begroeven. Op ien fan de sarken stiet it harren famyljewapen. Bylâns de opfeart rûn in oprydleane. It haadgebou stie mei de foarkant nei it easten (Sweins), oan de noardkant wie bosk. Der wienen ek in binnentún en in kokentún. Nei it ferstjerren fan de lêste bewenner, Julius Mathijs fan Beyma, midden 19e ieu waard it hûs ôfbrutsen. De grûnen waarden ôfgroeven en it lân ferdield. Neidat der in grutte reuny west hie Simmer 2000 wol de famylje besykje om in nije Kingma State del te setten.
[bewurkje seksje] Eksterne keppeling
- http://www.kingmastate.nl - oer de Stifting Kingma State.