Kevin Coyne
Ut Wikipedy
Kevin Coyne (27 jannewaris 1944, Derby - 2 desimber 2004, Neurenberg) wie in Britsk musikus, skriuwer en skilder. Coyne naam as sjonger en lieteskriuwer mear as 35, meastepart op de blues ynspirearre albums op. Hy waard beynfloede troch ûnder oaren Chuck Berry, Muddy Waters, John Lee Hooker en Jimmy Reed.
Coyne studearre grafyk en skilderkeunst oan de Joseph Wright School of Art en dêrnei oan de Derby College of Art. Oant 1968 wurke er as sosjaal wurker yn Lancashire. Dêrnei wurke er as riedsman foar drugsferslaafden yn Soho. Dy perioade hat in wichtige ynspiraasjeboarne west foar sawol syn betide as lette songs.
Fan 1973 ôf folgen acht tige produktive jierren. Hy levere mei-inoar alve LP's op. Fierder toerde Coyne troch Kanada, Austraalje, de Feriene Steaten en it Europeeske fêstelân. Ek wurke hy yn it teater mei selsskreaune muzikals. Dêrnei folget in foar Coyne tige swiere perioade, feroarsake troch de hektyk fan it sukses en neffens guon troch swier alkoholgebrûk. Yn dy tiid makke er in stikmennich swiersettige albums.
Yn 1985 gie Coyne nei Neurenberg yn Dútslân, dêr't hy mei de Dútske Paradise Band in nije start makke. Sûnder drank kaam syn karriêre as skriuwer, sjonger en skilder wer fan de grûn. Op 2 desimber 2004 kaam yn syn nije heitelân in ein oan syn libben.
[bewurkje seksje] Diskografy
- Carnival - 2002
- Life is almost wonderful (mei Brendan Croker) - 2002
- Room full of Fools - 2000
- Sugar Candy Taxi - 2000
- Bittersweet Lovesongs - 2000
- Live Rough and More - 1997
- Knocking On Your Brain - 1997
- The Adventures of Crazy Frank - 1995
- Elvira: Songs from the Achives 1979- 83 - 1994
- Sign of the Times - 1994
- Tough and Sweet - 1993
- Burning Head - 1992
- Wild Tiger Love - 1991
- Peel Sessions - 1991
- Romance - Romance - 1990
- Everybody's naked - 1989
- Stumbling on to Paradise - 1987
- Rough - 1985
- Legless In Manila - 1984
- Beautiful Extremes et cetera - 1983
- Politicz - 1982
- Live in Berlin - 1981
- Pointing the Finger - 1981
- The Dandelion Years - 1981
- Sanity Stomp - 1980
- Bursting Bubbles - 1980
- Babble - Songs for Lonely Lovers - 1979
- Millionaires and Teddy Bears - 1979
- Dynamite Daze - 1978
- Beautiful Extremes - 1977
- In Living Black and White - 1977
- Heartburn - 1976
- Let's Have A Party - 1976
- Matching Head and Feet - 1975
- Blame lt On The Night - 1974
- Marjory Razorblade - 1973
- Case History - 1972
- The Club Rondo - 1995 (mei materiaal opnommen yn 1969/1971)
- Let's do it - 1994 (mei maretiaal opnommen yn 1969/1970)
- Rabbits - 1994 (mei materiaal opnommen yn 1969/70)
- Strange Locomotion - 1971
- Siren - 1969