Jens Emil Mungard
Ut Wikipedy
Jens Emil Mungard (* 9 febrewaris 1885 yn Keitum; † 13 febrewaris 1940 yn Sachsenhausen) wie in ferneamd dichter dy't yn it Noardfrysk skreau.
Jens Emil Mungard wie de âldste soan fan in taalwittenskipper en skriuwer Nann Peter Mungard. Fan 1910 ôf wied er troud mei Anna Andresen. Hja gongen letter by mekoar wei.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libbensrin
Jens Emil Mungard waard berne op it Noardfryske eilân Söl. Syn mem stoar doe't er trije jier wie en tenei waard er tein by syn muoike. Al betiid hâlde er him dwaande mei literatuer - benammen mei lyryk - en mytology. De heit fûn it goed dat syn soan niget hie oan literatuer, mar se koenen it net rjocht mei mekoar fine, omdat Nann Peter Mungard him altiten bemouide mei de saken fan syn soan, ek doe't er al folwoeksen wie.
Neidat er boaske hie yn 1910 nimt Jens Emil Mungard yn Keitum it hûs fan syn heit oer. Wittenskiplik net bejeftige, koed er kwalik oerlibje mei syn frou. Doe't it hûs yn 1921 ôfbaarnde, waard de sitewaasje jit slimmer. Hy ferlear syn hûs, en gie by de frou wei, en hy woe gjin kontakt mear mei de famylje.
Jens Emil Mungard hope dat de nasjonaalsosjalisten de Noardfryske taal wol stypje soene, dêr't er doe sels al mei dwaande wie. Betiid seach er al dat de nije machthawwer yn Berlyn wat oars fan doel wie, en hy socht help by de opposysje. Yn in stikmannich dichtwurken makke er it nije bewâld bespotlik. Yn 1935 waard er arrestearre. Der kamen noch oare arrestaasjes. Omdat er kontakt hie mei de Friezen yn 'e provinsje Fryslân neamden de Nazys him steatsgefearlik („national unzuverlässig“). Yn it Schutzhaftbefehl (befel yn 'e tiid fan de Twadde Wrâldkriich om frijannen fan it Tredde Ryk yn konsintraasjekampen op te sluten) fan 13 juny 1936 stie: „Jo hâlden oant no ta is in rjochtfeardiging foar ús om jo foar fertocht te hâlden fan it skansearjen fan it oansjen fan it Dútske Ryk yn it bûtenlân.“ Yn 1938 krige Mungard in ferbod om te skriuwen. Doe't er dat net die, waard er op 'e nij arrestearre en nei konsintraasjekamp Sachsenhausen brocht, dêr't er yn 1940 stoar nei 377 dagen finzenskip.
Fan 1909 ôf ferskynden syn earste dichtwurken yn Fryske boeken, fan 1911 ôf skreau er mear, benammen foar de eilânskrante fan Söl. Mei elkoar hat Jens Mungard mear as 700 dichtwurken skreaun, 6 teaterstikken en in soad proaza.
[bewurkje seksje] In part fan syn wurk
Ströntistel es min bloom, Ströntistel neem's uk mi.
Jü gröört üp dünemsön,
Ik üp des leewents-strön,
En proter haa wat biid!
Stranddistel ist meine Blume, Stranddistel nennen sie auch mich.
Sie wächst auf Dünensand,
Ich auf diesem Lebens-Strand,
Und Stacheln haben wir beide!
[bewurkje seksje] Literatuer
- Jens E. Mungard Ströntistel en Dünemruusen - Das lyrische Werk. Utjouwer: Hans Hoeg, 1995