James Bond
Ut Wikipedy
James Bond is de haadpersoan út 'e boeken fan de skriuwer Ian Fleming. Bond is in agent fan MI6, de Britske bûtenlânske geheime tsjinst. De measte boeven dêr't Bond mei te krijen hat, binne ekstreme psygopaten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Karakters
Njonken Bond binne der ferskate figuren dy't yn in protte ferhalen oer James Bond foarkomme:
- M - de sjef fan MI6.
- Miss Moneypenny - de sekretaresse fan M.
- Q - de techneut fan MI6 (allinnich yn 'e films).
- Felix Leiter - in freon fan Bond fan 'e CIA.
[bewurkje seksje] Boeken
Fleming skreau fan 1952 oant 1964 alle jierren op fakânsje op Jamaika in boek oer James Bond.
[bewurkje seksje] Boektitels
- 1953 - Casino Royale
- 1954 - Live and Let Die
- 1955 - Moonraker
- 1956 - Diamonds Are Forever
- 1957 - From Russia With Love
- 1958 - Doctor No
- 1959 - Goldfinger
- 1960 - For Your Eyes Only (ferhalebondel)
- From a View to a Kill
- For Your Eyes Only
- Quantum of Solace
- Risico
- The Hildebrand Rarity
- 1961 - Thunderball
- 1962 - The Spy Who Loved Me
- 1963 - On Her Majesty's Secret Service
- 1964 - You Only Live Twice
- 1965 - The Man With The Golden Gun
- 1966 - Octopussy and The Living Daylights (ferhalebondel)
- Octopussy
- The Living Daylights
- The Property of a Lady
[bewurkje seksje] Oare skriuwers
Sûnt de dea fan Fleming skriuwe oare skriuwers nije Bond-ferhalen. Fan ien nije autoriteit is it lykwols net kaam.
[bewurkje seksje] Films
Der binne ek films oer James Bond makke. De earste film wie in tillevyzjefilm foar de searje Climax! fan de Amearikaanske stjoerder CBS. Dit wie in ferfilming fan it boek Casino Royale, troch Fleming oanpast foar de searje en it Amearikaanske publyk. De earste film-James Bond waard sa Barry Nelson.
Sûnt 1962 wurde der bioskoopfilms oer James Bond makke. Dy films hawwe in soad humor en Bond brûkt in soad technyske gadgets. De films hawwe sa populêr west dat de titellieten fan in protte Bondfilms grutte suksessen wurden binne.
De measte titels fan Bond-ferhalen fan Fleming binne brûkt foar Bond-films. Yn de measte gefallen is der lykwols net folle ferbân tusken de film en it ferhaal mei deselde titel.
James Bond as filmfiguer is ek in protte parodiearre, bygelyks yn de films oer Austin Powers.
[bewurkje seksje] Filmtitels
- 1962 - Dr. No
- 1963 - From Russia With Love
- 1964 - Goldfinger
- 1965 - Thunderball
- 1967 - You Only Live Twice
- 1967 - Casino Royale
- 1969 - On Her Majesty's Secret Service
- 1971 - Diamonds Are Forever
- 1973 - Live and Let Die
- 1974 - The Man with the Golden Gun
- 1977 - The Spy Who Loved Me
- 1979 - Moonraker
- 1981 - For Your Eyes Only
- 1983 - Octopussy
- 1983 - Never Say Never Again
- 1985 - A View to a Kill
- 1987 - The Living Daylights
- 1989 - Licence to Kill
- 1995 - GoldenEye
- 1997 - Tomorrow Never Dies
- 1999 - The World Is Not Enough
- 2002 - Die Another Day
- 2006 - Casino Royale
[bewurkje seksje] Akteurs
- Barry Nelson
- Sean Connery
- George Lazenby
- Roger Moore
- Timothy Dalton
- Pierce Brosnan
- Daniel Craig
[bewurkje seksje] Bondfamkes
Yn eltse film fan Bond hat hy ien of mear freondinnen en faak moat er fjochtsje tsjin kreaze froulike boeven. Dy freondinnen wurde Bondfamkes neamd en hawwe faak dûbelsinnige nammen lykas : Honey Ryder, Pussy Galore, Melina Havelock, Octopussy en Mary Goodnight. As in froulike akteur de rol fan Bondfamke spile hat, betsjut dit foar har faak it begjin fan in grutte opgong yn de filmwrâld.
Under oaren de folgende froulike akteurs hawwe Bondfamke west:
- Ursula Andress
- Maud Adams
- Grace Jones
- Maryam d'Abo
- Famke Janssen
- Denise Richards
- Halle Berry
- Eva Green