Jacob Jongbloed
Ut Wikipedy
Jacob Jongbloed (De Jouwer, 11 maart 1895 - Utert, 21 july 1974) wie in Fryske fysiolooch dy't yn it earstoan in hiel skoft wurke as loftfeartarts. Fan 1942 oant 1965 wie hy heechlearaar yn de fysiology oan de Universiteit Utert. Jongbloed is benammen bekend wurden troch it troch him konstruearre keunstmjittige hert en de útfining fan de hert-longmasine.