Hollum
Ut Wikipedy
Hollum is it westlikste doarp op it Amelân. It is ek it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 1.230 ynwenners (2004).
Hollum leit oan de Borndjip en is dêrmei ek it meast westlike en ek it grutste fan de fjouwer doarpen op It Amelân. Yn it doarp binne in soad smelle strjitsjes en kommandeurshuzen. De takkele rânen fan de gevels jouwe de rang fan deseefarder oan dy't yn it hûs wenne. Hoe mear takkels op de gevelrânen, hoe heger de rang.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] It besjen wurdich
[bewurkje seksje] Museum Sorgdrager
Dit kultuer-historysk museum sit yn it eardere kommandeurshûs út 1751. Der is in wikseleksposysje en der wurde dialêzingen en rûnliedingen organisearre.
[bewurkje seksje] Reddingsmuseum
Yn it eardere reddingsboat hûs sitReddingsmuseum "Abraham Fock" gevestigd. De namme komt fan de oant 1988 tsjinst dwaande hyndersreddingsboat dy't noch te besjen is. By demonstraasjes wurdt de boat troch tsien hynders fan it museum nei de see ta brocht.
[bewurkje seksje] Stellingmole De Verwachting
Hjir wurdt geregeld nôt of moster meald.
[bewurkje seksje] Mienskip
Sûnt 1948 bestiet de Feriening Doarpsbelang. De feriening wol bûten de eigen belangen ek it toerisme befoarderje. It doarp hie yn it earstoan in eigen VVV, dy't leter opgien is yn de VVV fan It Amelân. Sa waarden skulpepaadsjes oanlein, foarsjennings makke, strânfeesten en optochten organisearre.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Jan de Bruin, fuotballer is berne yn Hollum
- De ""Hollumer Gromkes"" is in dweilorkest dat yn 1991 oprjochte is mei de Blauhúster Dakkapel as foarbyld. Ynstee fan de Fryske truien drage de muzikanten in trui mei it Amelanner wapen.
- It Sinterklaasfeest wurdt yn Hollum noch as fanâlds dien. Op 4 desimber is it feest foar de bern, op 5 desimber foar boppe de achttjin jier. Allinnich jonges en manlju ferklaaie har. Der wurdt dan op buffelhoarns blaasd en men mei net werkend wurde, ek net oan de stim. De saneamde baanfeiers feie alles wat frou hjitte kin fan de strjitte. De "Ouwe Sunderklazen" of "Omes" meie froulje en famkes twinge om te dûnsjen.
[bewurkje seksje] Strjitten:
Alle strjitten fan Hollum.