Hof fan Fryslân
Ut Wikipedy
It Hof fan Fryslân is in regearingskollezje dat yn 1499 oprjochte is troch Albrecht fan Saksen om mei de steedhâlder bestjoer en rjochtspraak út te oefenjen. Oant yn de Opstân tsjin Spanje ( 1576 ) wie it Hof de lânshear tadien; de Rieden ( Riedshearen ) moasten dus ferfongen wurde. It Hof kaaam fan sân, fia njoggen op 12 leden, ( foar it libben beneamd ) en moast him nei 1581 - ûndanks tsjinstân - ta de justysje bepale. Politike macht wie dêrmei útsletten. It Hof wie allerearst foar de strafrjochtspraak fan swiere delikten yn earste ynstânsje: oertrêdings hannelen de Nedergerjochten ôf ( mei in berop op it Hof ).
Yn sivile saken wie it Hof eins allinnich beropsynstânsje. It Hof spruts sûnt 1504 rjocht nei de saneamde Saksyske Ordonnânsje yn 1602 ferfongen troch de 'Statuten, Ordonnantiën en Costumen' , wersjoen yn 1723.
Fan grut belang wie dêrneist it Romeinsk Rjocht.
[bewurkje seksje] boarne
- Encyclopedie van Friesland - 1954