Hodelerlân
Ut Wikipedy
It Hodelerlân (Dútsk: Land Hadeln) is in historyske regio en in earder distrikt mei as haadplak Otterndorf oan de Nedersaksyske Elf, yn de trijehoek tusken de mûndings fan de Elf en de Weser. Gear mei it Lân Wursten foarmt it noch hjoed in typysk, relatyf sletten, Frysk kultuergebiet. De namme komt al yn it Ald-Saksysk foar, nammentlik yn de neam Gau Haduloha.
Yn de Midsieuwen waard it Hodelerlân kolonisearre troch Fryske emigranten. Tsjinswurdich is it part fan de landkreis (distrikt) Cuxhaven yn de dielsteat Nedersaksen.