Hette Gerrit Abma
Ut Wikipedy
Hette Gerrit Abma ( * 23 jannewaris 1917, Wâlterswâld - †2 jannewaris 1992, Putten) wie in Herfoarme predikant. Hy wie soan fan Gerrit Abma en Annigje Kool. Op 21 augustus 1941 troude er yn Ede mei Johanna Hendrina Leenmans.
Abma wie Herfoarme predikant yn de neifolgjende gemeenten: Driezum (1941-1944), Iselstein (1944-1955), Monster (1955-1959) en Putten (1959-1963); Dêrneist en dêrnei wie er foarsitter fan de S.G.P. (1961-1965), lid fan de Twadde Keamer (1963-1981) en lid fan de Earste Keamer (1981-1986)