Grutte Antillen
Ut Wikipedy
Grutte Antillen | |
---|---|
Basisynformaasje | |
Namme | Grutte Antillen |
Eilannegroep | Antillen |
Lokaasje | Karibyske See |
De Grutte Antillen is in groep eilannen yn de Karibyske See. Tegearre mei de Lytse Antillen foarmje se de Antillen. Oannaam wurdt dat de eilannen fan Belize út befolke binne troch de Arowakken.
Ta de Grutte Antillen hearre:
- Kuba
- Jamaika
- Hispaniola (wêr't de lannen Haiti en de Dominikaanske Republyk op lizze)
- Puerto Riko
Ek de lytsere eilannen dy't ûnderdiel útmeitsje fan de lannen behearre ta de Grutte Antillen.
De Kaiman Eilannen wurde meastal ek ta de Grutte Antillen rekkene.
Op de Grutte Antillen wenje yn totaal 35 miljoen minsken, it gebiet is sa’n 207.000 kante kilometer grut.