Fryske Parsepriis
Ut Wikipedy
De Fryske Parsepriis wurdt jierliks útrikt op it Fryske Parsebal.
Om dit jierlikse Parsebal is healwei de jierren sechstich troch de Feriening fan Fryske Sjoernalisten oprjochte.
In troch dizze VFJ oanwiisde sjuery rikt de Fryske Parsepriis jierliks út oan in persoan (of organisaasje) dy't yn it (Fryske) nijs stien hat, "sûnder dêrby de parse te sykjen of te mijen".
[bewurkje seksje] Lêste winners
- 2007 - Doutzen Kroes, ynternasjonaal topmodel, berne yn Eastermar, ambassadeur fan de aksje "Praat mar Frysk"
- 2006 - Roy Wesseling, trener fan SC Cambuur
- 2005 - Anita Andriesen, deputearre PvdA
- 2004 - Karel Helder, wethâlder fan Wûnseradiel
- 2003 - Jelke Nijboer, direkteur fan de skoalle fan de ûntfierde Lusanne van der Gun
- 2002 - FFJ Bernlef, studinteferiening út Grins, makkers fan de alternative Kameleon-film
- 2001 - Roel Cazemier, boargemaster fan Dongeradiel
- 2000 - Gryt van Duinen, sjoernaliste by Omrop Fryslân en 'gewisse' fan Simmer 2000
- 1999 - Hans en Willem Anker,advocaten
- 1998 - Wim van Krimpen, direkteur Frysk Museum
- 1997 - Ids Postma, hurdrider