See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Doutzen Kroes - Wikipedy

Doutzen Kroes

Ut Wikipedy

Doutzen Kroes ( Eastermar, 23 jannewaris 1985 ) is in fotomodel. Hja is in ynternasjonaal topmodel. Doutzen wennet meastentiids yn har appartemint yn New York.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Modellewurk

Nei't se slagge wie foar de Hafû, stjoerde se in pear fakânsjefoto's nei it modelleburo Paparazzi yn Amsterdam. Se woe graach wat byfertsjinje. It smite mear op as se ferwachte hie, want binnen twa jier wie se op itselde nivo as oare topmodellen.

Doutzen rint moadeshows foar Versace, Dolce en Gabbana en Gucci en se is it nije oansjen fan de parfumrige fan Calvin Klein. Yn 2006 hat se in kontrakt mei it kosmetikabedriuw L'Oréal ôfsletten. As it gesicht fan L'Oréal waard se it bêstbetelle model fan Fryslân en Nederlân ea.

Yn novimber 2007 waard bekend dat Doutzen it nije gesicht wurde sil fan it linzjerymerk Victoria's Secret.

[bewurkje seksje] Praat mar Frysk

Woansdei 21 novimber 2007 hie Doutzen besletten om har foar de kampanje "Praat mar Frysk" warber te wurden. Se sil opblaaslippen mei de tekst "Praat mar Frysk" oer de hiele wrâld mei har mei tôgje en soargje dat se yn byld komme op de foto's dy't se dit kear sels meitsje sil. Op de kampanje-webside sil se de Friezen op de hichte hâlde.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrich

Njonken Doutzen docht ek Jane Fonda modellewurk foar L'Oréal en ek dy is fan Fryske komôf.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -