Frisii
Ut Wikipedy
De Frisii wienen by de Romeinen de Fryske stammen dy't benoarden de Ryn wennen, bûten it ryk. Se wienen al betwongen troch de Romeinen, mar harren gebiet waard nea oan it Romeinske ryk tafoege.
Tacitus makke ûnderskie tusken twa groepen fan Frisii, dy't er nei de grutte fan dy groepen mei maiores Frisii (Grutfriezen) en minoris Frisii (Lytsfriezen) neamde. Der wurdt oannaam dat de Grutfriezen tusken Fly en Lauwers wennen, wylst de kust tusken Fly en Ryn it gebiet fan de Lytsfriezen wie.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |