Fossyl
Ut Wikipedy
Under fossilen wurde ferstien alle resten en spoaren fan planten en dieren dy't yn de boaiem fan de ierde konservearre binne. Wol gauris wurdt der tocht dat fossilen altyd 'ferstiend' binne, mar dat hoecht net. It wurd fossyl is ôflaat fan it Latynske fossilis, dat "opgroeven" betsjut. De wittenskip dy't fossilen bestudearret hjit paleontology.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Soarten fossilen
Fossilen wurden faak yn ferbân brocht mei de bonken fan dinosauriërs of fan mammoeten en it is yndied sa dat de hurde parten fan in organisme de grutste kâns meitsje om troch fossilisaasje konservearre te wurden. By dieren mei wringen binne dat de bonken en benammen de tosken. De sêftere weefsels fan it organisme bliuwe allinnich yn bysûndere gefallen bewarre en binne sadwaande tige seldsum. De sêftere weefsels wurde allinne bewarre as se gau bedobbe reitsje ûnder in laach dy't se ôfskermet tsjin it rottingsproses of opfretten wurde troch dieren. Mei allinne de hurde parten is it somtiids dreech op in goed byld te krijen fan it komplete oragnisme.
Der bestean in oantal bysûndere foarmen fan fossilisaasje. Yn barnstien bygelyks wurde soms folseine ynsekten fûn dy't ynsletten binne omdat de hars wêr't de barnstien út ûntstien is in goede ôfsluting foarmet tsjin oksidaasje. Datselde jildt yn it grut ek foar tarputten. Yn de omkriten fan de Amerikaanske stêd Los Angeles is de La Brea tarputten hjir in goed foarbyld fan. Fan de dieren dy't yn dizze tarput finzen rekke binne, bleaune de bonken faak tige goed bewarre. Boppedat loeken de dieren dy't fêst kamen te sitten faak rôfdieren oan dy't ek wêr ferstrikt rekken. Op dizze wize waard tidens it Pleistoseen in "bonketsjerkhôf" foarme.
Neist bonken wurde ek oare spoaren fan libben fûn, lykas printsels fan poaten.
[bewurkje seksje] Gidsfossilen
Fossilen meitsje it mooglik om de âldens fan ierdlagen te bepalen. Sokke fossilen wurde gidsfossilen neamd.
[bewurkje seksje] Foarbylden
Rivierpearelmoksel út Holosene ôfsettings fan de Skelde |
|||
Diatomee.jpg
Kiezelwieren |