Folapúk
Ut Wikipedy
Folapúk (Folapúk: volapük) is in ynternasjonale keunsttaal optocht fan Johann Martin Schleyer, dy't oan de ein fan de 19e ieu populêr wie.
Folapúk waard optocht troch Johann Martin Schleyer, in Katolike priester yn Baden yn Dútslân, en waard yn 1879 publisearre (guon boarnen jouwe 1880). Folapúk waard fluch populêr, mei hunderttûzenen sprekkers. Der wienen tiidskriften yn it Folapúk, der wienen learboeken, der wienen Folapúk-klubs, en der waarden ynternasjonale Folapúk-kongressen holden.
Mei de opkomst fan it makliker te learen Esperanto ferlear de taal lykwols in grut part fan de brûkers. Yn 1931 hat de Nederlanner Arie de Jong in oanpaste ferzje fan de taal makke mei in maklikere grammatika. Dy ferzje is algemien akseptearre, mar it hat de tebekgong fan de taal net stoppe kind. Hjoed de dei binne der al noch Folapúk-sprekkers, mar harren oantal wurdt rûsd op tusken de 20 en 30. (2008)
De ISO 639 taalkoades foar it Folapúk binne "vo" en "vol". Der is ek in Folapúk Wikipedy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |