Fjochtsport
Ut Wikipedy
In fjochtsport is in sport dêr't de oerwinning foarme wurdt troch it oermasterjen fan de tsjinstanner. Lykwols is de oermastering yn de measte tûken symboalysk; minsken wurde net echt mear iepensnien of delslein.
Fjochtsporten kinne opdield wurde yn wapensporten, stjitsporten, wrakselsporten en lûksporten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wapensporten
By wapensporten wurdt besocht de tsjinstanner mei in wapen te reitsjen en him de krêft om te fjochtsjen te ûntnimmen.
- Jodo
- Kendo
- Skermjen
[bewurkje seksje] Stjitsporten
By slachsporten giet it derom de tsjinstanner troch stjitten, slaan of skoppen de krêft om te fjochtsjen te ûntnimmen:
[bewurkje seksje] Wrakselsporten
Bij wrakselsporten wurdt besocht de tsjinstanner yn de macht te krijen:
- Judo
- Wrakseljen
[bewurkje seksje] Mingde styl fjochtsporten
By mingde styl fjochtsporten wurdt in kombinaasje fan stjit- en wrakseltechniken brûkt. Almeast giet it om sporten dêr't hast alle techniken yn tastien binne; de wichtichste ferskillen lizze yn krekt hokfoar beheinings der binne.
[bewurkje seksje] Lûksport
Lûksporten binne hast klearebare krêftmjittings. Twa siden lûke, of triuwe, en wa 't weilutsen, of weitreaun wurdt, hat ferlern:
- Toulûke
- Stoklûke