Fjirtichmêdsleat
Ut Wikipedy
De Fjirtichmêdsleat is in sleat yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint ewest fan Earnewâld fan de Ds. Veenwei nei de Lange Sleat.
In mêd is in lânmaat, safolle as ien man op ien dei eartiids mei de seine meane koe. Dit komt del op sawat in heale bunder.
De namme Fjirtichmêdsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Veertigmadsloot.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |