Earnewâld
Ut Wikipedy
Earnewâld is in doarp yn in suden fan de de gemeente Tytsjerksteradiel. It doarp leit yn de súdpunt fan de gemeente. Earnewâld is it lytste doarp fan Tytsjerksteradiel, mei likernôch 434 ynwenners (2006).
It doarp leit tusken Ljouwert en Drachten, oan de râne fan it natoer- en wettersportgebiet it Nasjonaal Park De Âlde Feanen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De earte bewenners fan dit gebiet wennenop terpen, letter op in sânhichte, dy 't it lettere Earnewâld waard. Se libben fan de natoer, hienen wat fee en de ôfstutsen turf waard brûkt foar eigen gebrûk.
Healwei de 18e ieu waard der yn it grut turf stutsen en it gebiet waard folle kealer. Der ûntstienen in soad petgatten dy't by stoarm geregeld mei inoar ferbûn rekken as de smelle ribben weislein waarden. Ein 19e ieu waard it op guon plakken mooglik om te buorkjen. Yn de 20e ieu waard troch ûntwettering oanlis fan elektrisiteit en ruilferkaveling it buorkjen makliker en ûntstienen gruttere pleatsen. It Fryske Gea kocht in diel fan it Princehof fan in rike planter op Java, wat it begjin wie fan it lettere Nasjonaal Park De Alde Feanen.
[bewurkje seksje] Mienskip
Der is in gearwurkingsskoalle "Master Frankeskoalle" en in pjutteboartersplak "De Springplank".
[bewurkje seksje] Ferieningen
- Doarpsbelang Earnewâld
- Lyts Begjin - iisclub krige yn 2008 de Keninklike Earepinning
- Vischlust - fiskjen
- De Stompers - biljerten
- Eendracht maakt macht - silen
- Hoe sil dit komme - toaniel
- Earnewâld promoting
- Freoneklup "It Earnewâldster Skûtsje"
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Toerisme
Earnewâld is simmerdeis in echt wettersportplak. Massale drokte lykas yn plakken oan de Fryske marren is hjir lykwols net.
Ein jierren tachtich fan de foarrige ieu is in grut fakânsjepark ("Bûtenpleats It Wiid") oanlein tichtby it doarp. Troch de geografyske lizzing (oan 'e oare kant fan it wetter) hat dit net ta folle fergrutting fan de toeristyske druk op it doarp laat. Dit jildt ek foar de fergrutting fan kemping "It Wiid" krektas oan de oarekant fan it wetter.
Toeristyske druk fan minsken dy't ferspraat yn it wetterrike Âlde Feanen gebiet yn in simmerhùske (faak sûnder nutsfoarsjenning) wenje is der eins net. Wol is der in trend dat wenten yn it doarp oan de gewoane wenningfoarrie ûntlutsen wurde en as rekreaasjewente brûkt wurde.
[bewurkje seksje] Skûtsjesilen
By Earnewâld wurdt op de earste tiisdeis fan it skûtsjesilen syld troch skûtsjes fan de SKS. Yn de nauten dy't troch de feanterij ûnstien binne is faak net folle romte en soks jout by hurde wyn altyd in soad spektakel.
It begjin fan it nije wettersportseizoen wurdt tradysjoneel op Keninginnedei fierd mei in sylwedstryd tusken ferskeidene lokale skûtsjes. Nei de weedstryd wurdt in nije Feankeninginne keazen dy't út it doarp komt. De Feankeninginne is yn it kommende toeristyske seizoen de ambassadrise fan it doarp.
Yn de lêste wike fan de boufakfakânsje wurdt der in bradery holden en is it Nasjonale Kampioenskip Parapluhingjen. It toeristyske seizoen wurdt ein septimber ôfsluten mei in wedstryd tusken sylboaten fan it type falk dy't in sirkwy ôflizze (Om 'e Noard).
[bewurkje seksje] It Kokelhûs fan Jan en Sjut
It museum Kokelhûs fan Jan en Sjut stiet middenyn it doarp. It hûs is yn 1777 boud troch in feanbaas en oant 1955 bewenne troch Jan en Sjut van der Berg. Sûnt 1957 is it in Aldheidkeamer. Jan en Sjut makken Earnewâldster kokelmatten. Sa'n matte leit no noch oer de flier fan de foarkeamer fan it museum.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Douwe Franke skreaun fjouwer boekjes oer de geakunde fan Earnewâld
[bewurkje seksje] Strjitten:
Alle Om Slachte, De Reidtûgel, De Stripe, Ds. Offerhausweg, Ds. van der Veenwei, Eilânsgrien, Feantersdyk, It Fliet, Koaidyk, Krúspaad, Manjepetswei, Mindertsfean, Piet Miedemawei, Smidspaad, Tsjerkepaad, Wiidswei.