Evert van Benthem
Ut Wikipedy
Evert van Benthem (* 21 novimber 1958) is in Nederlânsk reedrider, dy twa kear efterinoar de Alvestêdetocht wun hat. Sûnt 1999-2000 wennet er yn Kanada.
Evert van Benthem wie in boer yn Sint Janskleaster doe't er lanlik ferneamd waard neidat er op 21 febrewaris 1985 de 13e Alvestêdetocht wûn hie. Van Benthem en de maratonriders Jan Kooiman, Jos Niesten en Henri Ruitenberg kamen dy dei as earsten oan by de oankomst op de Bonke. Yn de einsprint behelle Van Benthem mei in lyts ferskil de oerwinning.
It jier dêrop, 1986, waard wer in Alvestêdetocht hâlden, op 26 febrewaris. Wer kaam Van Benthem as earste op de Bonke oan. Dy kear wie er allinnich, om't er Rein Jonker krekt lost hie. Van Benthem wie dit jier dúdlik de sterkste en wûn syn twadde Alvestêdetocht yn in tiid fan 6:55:17 oere.