Edinboarch
Ut Wikipedy
Edinboarch | |
---|---|
Lokaasje yn Skotlân en Jeropa | |
Tiid sône : UTC 0 |
|
Flagge | Wapen |
Basis ynformaasje | |
Gebiet | 259 km² |
Tal ynwenners km² | 4.441 km² |
Regear | |
Lân | Grut-Brittanje |
Konstituint lân | Skotlân |
Regio | City of Edinburgh |
Webside | www.edinburgh.gov.uk |
Edinboarch is de haadstêd fan Skotlân.
It sintrum fan de stêd wurd yn twaën parte troch Princess Street (Prinsesse strjitte). Súdlik fan dizze strjitte hat men de Old Town (Alde stêd), dy't situeare is om de sanaemde Royal Mile (de keninklike mijl), tusken Castle Rock yn it westen en Holyroodhouse yn it easten. Oan de noardkant fan dizze strjitte fynt men de New Town (Nije stêd).
[bewurkje seksje] Bysûnderheden
Greyfriars Kirk
- Dizze tsjerke hat in wichtige rol spyle in de skiednis fan Skotlân. Yn 1638 waard hjir it saneamde Covenant (ferbûn) tekene troch in grut tal Protestanske foargongers, eallju en boargers. Dit as in reaksje op it besykjen fan kening Karel I en bisskop Laud om de tsjerken fan Ingelân en Skotlân lyk te skeakeljen. Hje dienen dit trochmiddel fan ynfiering fan nije liturgyën yn de tsjerke fan Skotlân, sûnder oerliz mei dizze tsjerke en it Skotske parlemint.
Greyfriars bobby
Bûten de Greyfriars Kirk kin men in byldtsje fine ta oantinken fan it trouwe hûntsje, dy't nei de dea fan syn baas jierrenlang de wacht hâldde by it grêf fan syn baas.