Eanjumer Opfeart
Ut Wikipedy
De Eanjumer Opfeart is in feart yn de gemeente Dongeradiel. De feart rint fan Eanjum nei it súdwesten en komt út yn de Moerssleat.
In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.
Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbereterp grûn of turf ferfiere te kinnen.
De namme brânsleat ferwiist nei de oare reden om sa’n wetter oan te lizzen: de beskikking ha oer genôch bluswetter yn gefal fan brân.
In soad fan sokke sydtakken hawwe harren funksje ferlern en binne no tichtsmiten.
[bewurkje seksje] Inkele opfearten
- de Blauhúster Opfeart by Blauhûs
- de Cambuurster Opfeart yn Ljouwert
- de Lekkumer Opfeart by Lekkum
- de Mantgumer Opfeart by Mantgum
- de Miedumer Opfeart by Miedum
- de Offenwierster opfeart by Snits
- de East Yndyske Opfeart yn Berltsum
- de Skipsleat fan de Tsjonger nei Wolvega
- de Abbegeaster Opfeart by Abbegea
De namme Eanjumer Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Anjumer opvaart.