Eagumer Djip
Ut Wikipedy
It Eagumer Djip is in wetter yn de gemeente Boarnsterhim. It Djip is in ûnderdiel fan it farwetter tusken Yn'e Lijte (de jachthaven fan Grou) nei it noarden oant Wergea. Fan Grou ôf komt men dan earst troch de Nauwe Galle, en nei de Kromme Sleat rochting Idaerd hjit it wetter it Eagumer Djip. Fan Domwier ôf hjit it Wergeaster Feart.
De namme Eagumer Djip jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Aegumerdiep.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |