Dunegea
Ut Wikipedy
|
Dunegea is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, súd fan Sint Nyk. It doarp hat likernôch 90 ynwenners (2004). It leit besuden Sint Nyk en west fan de Tsjûkemar, en hat ûngefear 90 ynwenners (2004).Der binne gjin plannen foar huzebou yn it doarp.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 foel Dunegea ûnder de per dy datum ophefte gemeente Doanjewerstâl. Dy gemeente waard ek Dodingawerstal en Doniagawerstal en, yn it Ald-Frysk Dodingwerstal. Yn Dunegea waarden âldtiids iepenbiere rjochtsittings hâlden fan it aadlike famyljenamme Doanja dat hjir ea wenne hat. De famylje stie yn heech oansjen. De namme warstal of werstal betsjut rjochtstoel of rjochtsgebiet. Eartiids foel de gritenij ûnder Lemsterlân, mar skynt dêrfan al ridlik gau ôfskieden te wêzen.
In buorren hat it doarp net mear, in pear ieuwen lyn wie dy der noch wol. Dêr is oars neat fan werom te finen as in tsjerkhôfen in klokkestoel. De klokkestoel stiet op in fûnemint fan swerfstiennen. Der is noch in kafee, wêrfan de kastlein earder ek noch buorke. De kombinaasje kastlein-boer seach men eartiids folle mear.
Der is fergunning ferliend om by Dunegea mei in proefboaring de oanwêzichheid fan ierdgas fêst te stellen.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Strjitten
- Wielwei.
[bewurkje seksje] Kategory om utens
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Fryske doarpen.
- R.Postma Dunegea, de skiednis fan in doarp tusken de marren Fryske Akademy, Ljouwert 1987, yll. 301 siden