De Grûns
Ut Wikipedy
De Grûns is in grinswetter tusken de gemeentes Nijefurd en Wymbritseradiel. De Grûns is de ferbining tusken de fjouwersprong mei Koartfliet/Langfliet en Sânige Grûns mei de Flakke Brekken. Noardwestlik fan De Grûns leit Nijhuzum en súdeast leit de Kaappolder.
De namme De Grûns jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme De Grons.