Boarnsweach
Ut Wikipedy
|
Boarnsweach is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, oan de súdkant fan de Langwarder Wielen. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004). De namme is gearstald út boarn dat nei wetter ferwiist en sweach dat greide betsjut. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, makke Boarnsweach diel út fan de gemeente Doanjewerstâl.
It doarp leit oan de súdouwer fan de Langwarder Wielen, en oan de linkerouwer fan de Skarster Rien. Der is in jachthaven. Yn de simmer kinne fytsers en fuotgongers de Skarster Rien oerstekke mei in fearpontsje.
Troch de lizzing oan de Langwarder Wielen is yn de rin fan de ieuwen in diel fan it doarp yn de weagen ferdwûn. Der bestiet in âld ferske oer:
Ieuwenlang hat weach op weach
dy begnibb’le, lyts Boarnsweach.
Noarderbuien binnen komd,
ha dyn tsjerke en deaden nomd.
Strider tsjin de boaze mar,
bliuw in freon fan âld Langwar.
It tsjerke is ôfbrutsen yn 1693 en letter is ek de klokkestoel ôfbrutsen. Boarnsweach hat ea in earmenhûs, in skipshelling en ek fan 1887 - 1909 in bûterfabryk, dy't sette litte is troch jonkhear Van Eijsinga. Op dat stee is letter it badpaviljoen komd doe't yn [Skarsterbrêge]] in nije fabryk boud waard, it lettere Nestlé-fabryk.
By Boarnsweach stiet de Sweachmermole út 1782. De nôt- en poldermole waard troch de eardere grytman, jonkheer Frans Julius Johan van Eijsinga sette litten. De mole hat oant 1025 wurke, doe waard der em elektrysk gemaal boud. In neisiet fan de Eijsinga's hat in stifting mei oprjochte om de mûne te behâlden.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Aldewei, Boarnsweachsterdyk, Horsewei, Houtfeartwei, Mûzekamp, Pontdyk, Rodenburgwei, Skarsterleane, Wielenleane.