Arkansas
Ut Wikipedy
|
||||
Ofkoarting | AR | |||
Haadstêd | Little Rock | |||
Tiidsône | -6 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 137.732 | |||
Befolking | 2.752.629 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 15 juny 1836 | |||
Oantal countys | 75 |
Arkansas is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Little Rock en oare wichtichste stêden binne Fort Smith, North Little Rock en Fayetteville.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It gebiet dat tsjintwurdich Arkansas hiet waard eartiids befolke troch Yndianestammen al de Quapaw. De namme Arizona ferwiist nei alle gedachten, fia it Frânsk, nei dizze stam en soe eat betsjutte as "streamôfwerts". Arkansas is oars de ienige steat dêr't de útspraak wetlik fan fêstlein is.
Foar lange tiid wie it gebiet fan de Frânsken en op de ein fan de 18e ieu in stikmannich desinnia Spaansk besit. Frankryk ferkocht it lang om let yn 1803 oan de Feriene Steaten as ûnderdiel fan de Louisiana Purchase.
Yn 1819 waard de Arkansas Territory oprjochte en op 15 juny 1836 soe Arkansas formeel de 25e steat wurde fan de Feriene Steaten. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch stie it oan de side fan de Konfederaasje. Yn de steat sels waard amper fochten.
[bewurkje seksje] Geografy
Arkansas bestiet foaral út lân en heart ta de Sintrale tiidsône. Yn it noarden grinzet it oan de steat Missoury, yn it westen aan Oklahoma en Teksas, yn it easten oan Tennessee en Mississippy en yn it suden oan Louisiana.
De wichtichste rivieren binne de Mississippy, dy't alhiel de eastgrins is, en de Arkansas.
It noardwesten fan Arkansas is licht bergeftich mei as heechste punt Magazine Mountain (839 m) yn de Ozark Mountains. Yn it westen, lâns de grins mei Oklahoma, lizze de Ouachita Mountains. It suden en easten fan Arkansas bestiet út flakten.
[bewurkje seksje] Klimaat
Arkansas, dat by de súdlike steaten rekkene wurdt, hat in timpere klimaat mei net al te hjitte simmers en sêfte winters. Yn de heechlannen kin oant 25 sm snie falle wylst yn it súdeastlike leechlannen net mear as likernôch 5 sm yn't jier falt.
[bewurkje seksje] Nasjonale parken
Yn Arkansas binne 6 gebieten dy't beskerme binne:
- Hot Springs National Park
- Fort Smith National Historic Site
- Little Rock Central High School National Historic Site
- Pea Ridge National Military Park
- Arkansas Post National Memorial
- Buffalo National River
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Arkansas is ûnderferparte yn 75 county's.