Afrikaanske Swarte Strânljip
Ut Wikipedy
Afrikaanske Swarte Strânljip | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Haematopus ostralegus |
De Afrikaanske Swarte Strânljip (Haematopus moquini) is in yn fûgel út de famylje fan de Strânljippen.
[bewurkje seksje] Foarkommen
Yn tsjinstelling ta de yn Jeropa te finen bonte Strânljip sit de Afrikaanske Swarte Strânljip hielendal swart yn de fearren. De snaffel is read en hat in oranjegiele punt. De poaten binne fleiskleurich.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Afrikaanske Swarte Strânljip briedet op de kusten fan Angola oant Súd-Afrika. De eartiids op de Kanaryske Eilannen foarkommende ûndersoarte meadewaldoi is sûnt 1986 útstoarn. De gewoane foarm moquini komt noch yn ferskate kustgebieten foar, fan flakke sânstrannen oant stieneftige wâlen. De totale populaasje wurdt rûsd op in 5.000 oant 6.000 fûgels.