1650
Ut Wikipedy
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e
Jierren: 1645 - 1646 - 1647 - 1648 - 1649 - 1650 - 1651 - 1652 - 1653 - 1654 - 1655
[bewurkje seksje] Foarfallen
- Begjin fan de bloei fan Hylpen
- Oanlis fan de Prinsetún yn de stêd Ljouwert
- Bou fan de Waach yn Warkum.
- Yn de Linde by Noardwâlde wurdt in fallaat of slûs oanlein.
- maaie - De Steaten fan Hollân beslute mei 11 tsjin 8 stimmen ta ôftanking fan troepen, wat tige tsjin it sin is fan steedhâlder Willem II. De Steaten-Generaal neame de resolúsje fan Hollân yllegaal, wêrtroch't yn de Republyk in politike krisis ûntstiet. De Steaten-Generaal fine de defensje in taak fan de Uny, en net fan de oansletten gewesten.
- 30 juny - Steedhâlder Willem II pleecht in steatsgreep. Pommeranten fan de Steaten fan Hollân wurde arresteard, ûnder harren Jacob de Witt.
- 14 novimber - De prinsesse-widdo krijt in soan, de lettere kening-steedhouder Willem III.
- Grinslân en Drinte beslute nei it hommelse ferstjerren fan Willem II, Willem Freark fan Nassau ek ta harren steedhâlder te beneamen. Syn krewearjen om ek troch oare gewesten oannomd te wurden as regint foar Willem III rine lykwols op neat út. Allinnich yn Oerisel wurdt hy foar twa tredde fan it gewest as sadanich erkend. Dêrmei begjint foar de rest fan de Republyk it Earste Steedhâlderleaze Tiidrek.
- Blaise Pascal bestudearret de hydrodynamica en draacht by ta de ûntwikkeling fan de differintsjaalrekkening.
[bewurkje seksje] Berne
- 14 novimber - Steedhâlder Willem III fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen en kening fan Ingelân.
- 28 novimber - Jan Palfijn, Flaamsk ferloskundige
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 11 febrewaris - René Descartes, Frânsk wiskundige en filosoof.
- 6 novimber - prins steedhâlder Willem II beswykt oan de pokken. Ienige soan fan Freark Hindrik en Amalia fan Solms. Wie greve fan Nassau en steedhâlder fan Grinslân, Oerisel, Gelderlân, Hollân, Seelân en Utert.
Jierren: 1645 - 1646 - 1647 - 1648 - 1649 - 1650 - 1651 - 1652 - 1653 - 1654 - 1655
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e