Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen
Ut Wikipedy
De Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen is de namme fan de sân provinsjes yn de Nederlannen dy't harren fan 1568 ôf yn de Tachtichjierrige Kriich ûnôfhinklik makken fan it Habsburgske ryk. De republyk bestie oant 1795, doe't er oan it begjin fan de Frânske tiid ferfongen waard troch de Bataafske Republyk, en letter part waard fan it Frânske Keizerryk.