1625
Ut Wikipedy
Ieuwen: 12e 13e 14e 15e 16e - 17e ieu - 18e 19e 20e 21e 22e
Jierren: 1620 – 1621 – 1622 – 1623 – 1624 – - 1625 - 1626 – 1627 – 1628 – 1629 – 16309
[bewurkje seksje] Foarfallen
- Epemastate wurdt boud.
- Freark Hindrik folget syn healbroer Maurits op as steedhâlder en kaptein-generaal fan de Steatske troepen. Hy besiket Breda te rêden by it Belis fan Breda, mar de stêd is twongen har yn Spaanske hannen oer te jaan. Noardwest-Brabân is no wer ûnder Spaansk gesach.
- Ingelân is no ek yn oarloch mei Spanje.
- Rembrandt foltôget syn Steniging van Stefanus. In soad sjogge der in ferwizing nei de dea fan Johan van Oldenbarnevelt yn.
- Vondel jout de Palamedes út. Dit dichterlik drama oer in gerjochtlike moard, mei Agamemnon yn de rol fan Maurits, giet sels de Amsterdamske ried te fier en hy wurdt beboete.
- 13 april - Johannes Faber betinkt in nij wurd: "mikroscoop".
- 5 juny - Spaanske troepen ûnder Ambrogio Spinola feroverje Breda nei in belis fan njoggen-en-heale moanne.
- Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz wurdt neist steedhâlder fan Fryslân no ek steedhâlder fan Grinslân en Drinte.
- De Hoogeveenske Feart wurdt groeven, en der wurdt begûn mei de turfwinning yn de Ychtense Feanen.
[bewurkje seksje] Berne
- 8 juny - Giovanni Domenico Cassini, Italjaansk astronoom.
- 24 septimber - Johan de Witt, Nederlânsk politikus (riedspinsjonaris) († 1672).
- 20 novimber - Paulus Potter, Nederlânsk keunstskilder (eigentlik de datum fan syn doop).
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 23 april - Prins Maurits, Steedhâlder
- 9 desimber - Ubbo Emmius, earste rektor magnifikus fan de Akademy yn Grins.
Jierren: 1620 – 1621 – 1622 – 1623 – 1624 - 1625 - 1626 – 1627 – 1628 – 1629 – 1630
Ieuwen: 12e - 13e - 14e - 15e - 16e - 17e ieu - 18e - 19e - 20e - 21e - 22e