Zulu (taal)
Ut Wikipedy
Zulu, of isiZulu, is de taal dy't troch de Zulus sprutsen wurdt en hat om-ende-by 9 miljoen sprekkers dêr't it meastepart (mear as 95%) yn Súd-Afrika libbet. Yn Súd-Afrika is Zulu ek de meast sprutsen taal.
[bewurkje seksje] Karakteristyk
It Zulu makket part út fan de Ngunisubfamylje fan de Bantoe. In skaaimerk fan de taal is it gebrûk fan de 'kliklûden'. Dat skaaimerk hawwe sy gemien mei ferskate oare talen yn Súdlik Afrika. Der binne trije grûn-kliks yn it Zulu:
- c - dentaal
- q - alveolair
- x - lateraal
Dizze kliks kinne wizige wurde op in oantal wizen, bygelyks troch sykheljen. Sadwaande binne der wol fyftsjin kliklûden yn it Zulu. De skreaune foarm fan de taal wurdt troch it "Zulu Language Board" fan KwaZoeloe-Natal kontrolearre.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Arnett Wilkes , Teach Yourself Zulu, ISBN 0-07-143442-9