Tsjerkgaast
Ut Wikipedy
|
Tsjerkgaast is in doarp yn de gemeente Skarsterlân, noardwest fan Sleat. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004). Oant de gemeentlijke weryndieling op 1 jannewaris 1984, hearde it ta de gemeente Doanjewerstâl. It buorskip Spannenburch falt ûnder it doarp. De eardere PTT-toer is rûnom te sjen.Yn de namme ferwiist tsjerk nei de tsjerke dy't oarspronklik oan Sint-Augustinus wijd wie, en gaast nei in sânrêch of heechlizzend sânige grûn. Sokke gaasten wiene der wol mear, mar hjir stie in tsjerke op. De herfoarme tsjerke is fan 1703, preekstoel en doophikke binne út de 17e ieu. Der is ek in reade sânstiennne grêfsark út de 14e ieu. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân. Yn 2003 is yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de tsjerke fan Tsjerkgaast it iepenloftspul 'De skat fan Tsjerkgaast' makke.
It doarpshűs Tsjerkgaast is It Spantsje.
De nasjonaalsosjalistyske skriuwer R.P. Sybesma is hjir yn 1894 berne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Iepenbier Ferfier
- Busline 44: Boalsert - Tsjerkwert - Warkum - Hylpen - Bakhuzen - Murns - Aldemardum -Nijemardum - Sondel - Wikel - Sleat - Tsjerkgaast - Spannenburch vv.
[bewurkje seksje] Strjitten
Aldedyk, Brekkendyk, De Stikels, De Trochreed, Gaastdyk, It Foarfjild, Riensleat, Spannenburgerdyk, Strjitwei.