Klokkestuollen yn Fryslân
Ut Wikipedy
Der stean mear as sechtich klokkestuollen yn Fryslân, as lossteand bouwurk op in tsjerkhôf of op in begraafplak. De lokaasje fan in klokkestoel is soms oanjûn troch in boerd. De klokkenstoel is in iepen bouwurk. Der binne lykwols ek bouwurken wêryn in klok hinget dy't ticht binne en oantsjutten wurde as klokhûs.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De klokkestoel is wierskynlik ûntstien trochdat bepaalde gebieten yn Fryslân te earm wienen, of de mienskippen te lyts om in tsjerke te bouwen. Soms waard der in tsjerkje boud sûnder toer en waard de klok yn in aparte klokkestoel setten.
Yn plakken wêr't letter wol in tsjerke boud waard, waard de klokkestoel, neidat de klok yn it tsjerkegebou hong wie, sloopt. Oarsom barde it ek wol dat as in tsjerkegebou ta ruïne ferfallen wie, der in klokkestoel boud waard.
Meastal stiet de klokkestoel yn in lyts doarpke of buorskip. Ien fan de moaiste lokaasjes mei in klokkestoel is Yndyk.
Mar in pear klokkestuollen steane bûten Fryslân en dêrom mei de klokkestoel in typysk Frysk bouwurk neamd wurde.
De klokkestoel is bedoeld om de deaden te belieden. Der is ek in tradysje fan it Sint Thomaslieden, lykas yn Ketlik en Aldhoarne, om boaze geasten te ferjeien.
Alde klokkestuollen binne al ferskeidene kearen restaurearre of ferfongen. Hast alle klokkestuollen fan Fryslân falle ûnder Monumintesoarch. Op in stik of wat begraafplakken stiet ek in taljochting op de skiednis fan de klokkestoel of klok.
[bewurkje seksje] Arsjitektuer klokkestoel
De klokkestoel lit him omskriuwe troch it type dakfoarm en noch in oantal bysûnderheden.
[bewurkje seksje] Dakfoarm klokkestoel
In klokkestoel hat ien fan de de folgjende dakfoarmen:
[bewurkje seksje] Oare bysûnderheden klokkestoel
Op de klokkestoel kinne ek in waarhoanne, in treppen of in flaggemêst sitte.
Faak is de klokkestoel makke fan hout, mar de klokkestuollen fan Lúnbert, Gersleat, De Knipe, Aldhoarne en Rottum binne fan wapene beton. Der binne ek in oantal klokkestuollen dy't op in fundearring fan swerfstiennen stean, lykas yn Appelskea, Brongergea, Dunegea, Donkerbroek, Drachtster Kompenije, Follegea, Legemar, Nijeberkeap, Ousternijegea en Spangea.
[bewurkje seksje] Bysûnderheden klok
De klokken binne in ferhaal apart. In guon gefallen binne se al ieuwen âld. In oantal is út de fjirtjinde ieu. Ek binne der yn de Twadde Wrâldoarloch troch de besetter klokken foardere en omsmolten, lykas de klokken fan Loaiïngea en Murns. De klok fan Goaiïngaryp is mei syn 1135 kg de swierste fan Fryslân.
De measte klokkestuollen hawwe ien klok. Alve klokkestuollen hawwe twa klokken: Donkerbroek, Elslo, De Fochtel, Gersleat, Ketlik, Lúnbert, Easterwâlde, De Pein, Aldhoarne, Oerterp en Ypekolsgea.
De klokkestuollen fan Wynjewâld en De Gordyk hawwe elk trije klokken.
[bewurkje seksje] Plakken mei in klokkestoel
Yn de plakken Buwekleaster, Idzegea, Skarl en Twizelerheide stiet ek in klokkestoel (noch gjin ôfbyld).
De klokkestuollen fan Appelskea, De Broek, Boyl, Donkerbroek, Elslo, Goaiïngaryp, De Himrik, Ketlik, Mildaam, Nijskoat, Easterwâlde, Oerterp en Wynjewâld stean op in tsjerkhôf. De oaren op in begraafplak. Inkele dêrfan hawwe ek op in tsjerkhôf stien, mar de tsjerke in yn de rin fan de tiid sloopt.
Der hawwe ek klokkestuollen stien yn de plakken: Drachten, De Haule, Hoarnstersweach, Jobbegea, Lippenhuzen, Noardwâlde, Aldeholtwolde, Eastersee, Aldskoat, Sint Jansgea, Sint Nyk, Steggerda, Ter Idzerd, Terkaple, Terwispel, Tytsjerk en Tjerkwert.
[bewurkje seksje] Plakken mei in klokhús
Yn de plakken De Gordyk, Greonterp, Hinnaard, Hartwert en Snits is in klokhús te finen.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Boppesteand artikel is ien fan de oersjochsartikelen yn de searje Arsjitektuer yn Fryslân