Spannenburch
Ut Wikipedy
Spannenburch is in buorskip yn de gemeente Skarsterlân en is diel fan it doarp Tsjerkgaast. Spannenburch leit tusken Sint Nyk en Sleat, bij de brêge oer it Prinses Margrietkanaal. De hege stjoermêst is fan fierrens te sjen.
Op dit plak kruse wetters en diken út ferkillende rjochtingen elkoar. It is ek in wichtich oerstappunt foar streekbussen. Sûnt 1937 is hjir in produksjebedriuw foar it meitsjen fan drinkwetter. Fierder stiet der in stjoermêst, faak "de PTT-toer" neamd. Dizze is eigendom fan KPN en wurdt foar telekommunikaasje en radio-útstjoeringen brûkt. De betonkonstruksje is 145 meter, de totale sichtbere hichte 118 meter.
Oan de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Spannenburch diel út fan de eardere gemeente Doanjawerstal.
Brêge Spannenburch |