Trentino-Súd-Tirol
Ut Wikipedy
Flagge | Wapen |
---|---|
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Trente |
Oerflakte | 13.619 |
Befolking | 940.000 |
Befolkingstichtens | 69 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Ortler: 3902 |
Oantal gemeenten | 339 |
Provinsjes | Bozen-Súd-Tirol, Trente |
Trentino-Súd-Tirol (Italjaansk: Trentino-Alto Adige, Dútsk: Trentino-Südtirol) is in autonome regio yn it noarden fan Itaalje. De regio is opdield yn twa provinsjes: Trente en Bozen-Súd-Tirol. De provinsje Trente is sawat folslein Italjaansktalich mei lytse Dútske en Ladinyske (Reto-Romaanske) minderheden, wylst de provinsje Bozen-Súd-Tirol oer in grutte Dútsktalige mearderheid beskikt.
Fan de bewenners yn de regio sprekt likernôch sechtich persint Italjaansk, sawat fjirtich persint Dútsk en inkele persinten Ladinysk. De Dútsksprekkende minderheid wurdt Zimbern neamd.
[bewurkje seksje] Geografy
Trentino-Súd-Tirol grinzet oan de Italjaanske regio's Feneto en Lombardije en Eastenryk en Switserlân. Simmers wurdt der in soad dien oan berchbeklimmen, en yn de winter is it drok skygebiet.
Yn de streek lizze in oantal goede wyngebieten dêr't in unike druvesoarte Lagrein foarkomt.