Lombardije
Ut Wikipedy
Flagge | Wapen |
---|---|
Lokaasje yn Itaalje | |
Algemien | |
Haadstêd | Milaan |
Oerflakte | 23.861 |
Befolking | 9.426.354 |
Befolkingstichtens | 395 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | Pizzo Bernina 4050 meter |
Oantal gemeenten | 1546 |
Provinsjes | Bergamo, Brescia, Como, Cremona, Lecco, Lodi, Mantua, Milaan, Monza, Pavia, Sondrio, Varese |
Lombardije (Italjaansk: Lombardia, fan it Germaanske folk de Lombarden, Lombardynsk: Lumbardia), is in regio yn Noard-Itaalje. De regio rint fan de Sintrale Alpen yn it noarden oant de rivier de Po yn it suden. Yn it westen wurdt Lombardije begrinze troch it Lago Maggiore en de rivier Ticino, yn it easten troch de Gardamar en de rivier de Minsio. Lombardije wurdt fierders temidden Switserlân, en de regio's Trentino-Súd-Tirol, Feneto, Emilia-Romagna en Piëmont.
Fan alle Italjaanske regio's hat Lombardije it grutste tal ynwenners en is ekonomysk fan grut belang.
[bewurkje seksje] Lânskip
Lombardije kin yn trije gebieten opdield wurde:
- De Poflakte
De grutste leechflakte fan it Italjaanske skiereilân en it tichtsbefolke en meast yndustralisearre part fan de regio. Hjir lizze ek de grutte stêden Milaan, Brescia en Bergamo.
- De Marren
Sawat alle grutte Noard-Italjaanske marren lizze yn Lombardije (útsein de Ortamar. De marren binne wichtige toeristyske trekpleisters foar de regio.
- De Alpen
Yn de regio lizze inkele fan de heechste berchtoppen fan de Alpen wêrûnder de Piz Bernina (4049 meter). Twa wichtige Lombardyske Alpendalen binne it Faltellina en it Fal Kamonika. Grut parten fan de bergen binne beskerme gebieten.