Sigerswâld
Ut Wikipedy
|
Sigerswâld (Siegerswoude) is in doarp yn de gemeente Opsterlân, mei in lytse 875 ynwenners (2005). Sigerswâld is in lintdoarp. Sigerswâld hat har eigen kabelnetwurk, dat yn 1998 oanlein is. It doarp wurdt troch in wei en in feart yn twaën dield.
Sigerswâld hat twa tsjerken, in Kristlik Grifformearde en in Nederlânds Herfoarmde.
Tsjin Oerterp oan, oan De Mersken, leit de Mersker Heide.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De namme komt grif fan de eigennamme Siger en in bosk, wat grif in elzebroekbosk west hat. Troch de muontsen út it kleaster yn Smelle Ie waard hjir yn de Midsieuwen turf stutsen. Om 1250 hinne is er yn Sigerswâld in tsjerke boud.
Yn 1744 is de feart groeven.
Sigerswâld wie eartiids út trije parten opboud: Fryske Peallen, It Foarwurk en de Fryske Wylp. Fryske Peallen gie yn 1953 mei stikken fan Oerterp as selsstannich doarp fierder. Njonken dizze trije bewenne parten hat Sigerswâld ek nog twa lânlike parten: de Boerestreek en de Mjûmer.
[bewurkje seksje] Mienskip
Doarpshûs is de "Uthôf", hjir hat de feriening Doarpsbelangen út 1879 har gearkomsten.. Der binne fiif buertferienings: Foarút, Om de Waskmer, Klauwertsbrêge, Mei inoar Ien, Rûnom de skoalle. It doarp hat ek twa skoalen: 'It Foarwurk' en 'de Foarikker'. It Bijehûs is it pjutteboartersplak.
[bewurkje seksje] Betiid te stappen
De aksje Vroeg op stap fan de froulju Gorter en Loonen út Sigerswâld hat tûzenen hantekens opsmiten. De froulju wolle foarelkoar krije dat de jongerein sneons betider jûns nei de disko giet. Besikers kinne op in ynternetside in petysje ûndertekenje. De hantekens sille oanbean wurde oan de Twadde Keamer.
[bewurkje seksje] Ferienings
Oan't 1929 wie der yn Sigerswâld in fuotbalferiening. Doe't dy nei Bakkefean ferhuze, waard kuorbalferiening G en O, oprjochte. Letter waard dat VKC (Voorwerker Korfbal Club).
- Ysnocht - iisklub
- Bêst Genôch - muzyk
[bewurkje seksje] Befolking
- 1744 - 122
- 1946 - 1511 (mei Fryske Peallen)
- 1954 - 1074
- 1959 - 983
- 1964 - 925
- 1969 - 880
- 1973 - 856
- 2005 - 875
[bewurkje seksje] Strjitten
Beakendyk, Binnenwei, Boskwei, Bremerwei, De Mersken, Dwarswyk, Foarwurk, Grinzerleane, Klauwertswei, Langpaad, Middenwei, Skieppedrift, Skoallelân, Taeiewyk, Uthôf, Van Akenwei, Van Houtenwei, Waskmerwei.
Van Aken wie in evangelist dy't ek in soad foar de earme heidsjers die en dy't yn 1922 de kristlike skoalle stifte.